Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

CAMBUUR_020698_WR

Spanning by de Cambuur-supporters 2 juny 1998

02 Juny 1998

Op 2 juny 1998 reizgen sawat tûzen Cambuur-supporters ôf nei Swolle, foar de beslissingswedstriid yn de neikompetysje. Cambuur mocht mei trije doelpunten ferskil fan Zwolle ferlieze, om dochs te promovearjen nei de earedifyzje. Omrop Fryslân die op 2 juny 1998 ferslach fan de spanning by de supporters foarôfgeand oan dy lêste wedstryd.

Sjoch mar: Reedride

Sjoch mar: Reedride

08 Desimber 1997

As de Worldcup wedstriden op Thialf riden wurde, moat Arjen de Boer der fansels ek bywêze. Dit kear wurdt der ek noch op spesjaal osmose-iis riden.

Wurktiid TV: Paques yn Balk

Wurktiid TV: Paques yn Balk

30 Oktober 1996

Yn Wurktiid TV is programmeur by Tricenter yn Easterwâlde de baan fan de wike. Yn bedriuwsnijs sjogge we by miljeutechnologysk bedriuw Paques yn Balk. En der wurdt wat ferteld oer de subsydzjeregeling fan Doarp en Bedriuw.