Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

Linkk Ekstra: Do makkest teater 4

Linkk Ekstra: Do makkest teater 4

14 Febrewaris 2003

Dizze ôflevering fan Linkk Ekstra, in programma fan skoaltelefyzje, giet oer teater. Yn diel 4 sjocht Jildou de Vries by it wurk achter de skermen by in foarstelling of optreden. Dizze kear giet it oer produksje en logistyk. Hoe komt it publyk by de artyst en oarsom. Se praat mei Bauke Algera en Dick Jaarsma, dy't beide konsert-promotor binne. Ek sjocht se by de galery fan Anita van Os. Dêr kinne keunstners har wurk oan it publyk toane en ferkeapje.

Van Tuinen thús by Karst Berkenbosch

Van Tuinen thús by Karst Berkenbosch

10 July 2002

Geert van Tuinen is op besite by Karst Berkenbosch yn Aldeberkeap. Hy wennet dêr yn de earste legere lânbouskoalle fan Nederlân. De teaterman, skriuwer, skilder en muzikant hat sels in teater yn syn hûs mei plak foar 65 minsken.

Wyn op Woansdei: Lauwerseach

Wyn op Woansdei: Lauwerseach

28 Maaie 2003

Programmamakker Albert Jensma sjocht by de fiskershaven fan Lauwerseach. Dy moat de kommende jierren de omslach meitsje fan fiskershaven nei toeriste-oard. Dat blykt út in rapport oer de takomst fan de haven fan Lauwerseach, want it giet net goed mei de fiskerij en de hannel deryn. Op de fiskôfslach wurdt hieltyd minder fisk oanfierd omdat de see leech rekket. De gruttere fiskersskippen komme hjir net omdat de fargeul te ûndjip is. Dan komt der noch by dat de thúsfloat fan in lytse 70 garnalekotters op dit stuit yn in flinke krisis sit.