Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

Om Utens: Bart Stapert

Om Utens: Bart Stapert

18 Maart 1999

Yn it programma Om Utens wurde bekende Friezen portrettearre dy’t bûten Fryslân wenje en wurkje. Dizze útstjoering giet oer Bart Stapert fan It Hearrenfean. Hy is in advokaat yn Amearika dy’t striidt tsjin ûnrjocht.

Fytsalvestêdetocht 2003

Fytsalvestêdetocht 2003

09 Juny 2003

Tradisjoneel ride tûzenen fytsers op Pinkstermoandei de Fytsalvestêdetocht. Oan de edysje fan 2003 dienen meiwurkers fan in Ljouwerter apoteek mei dy't jild ynsammelen foar in fakânsjehûs foar sike bern. En der ried in achterútfytstandem mei.

OEROL_1999_REPO

Reportaazjes Oerol 1999

10 Juny 1999

Reportaazjes út de programma's Hjoed en Boppedat oer it festival Oerol 1999 op Skylge. 10/6: Oerol-besikers soene foar 10 oant 15 persint fan de omset fan de toeriste-yndustry op Skylge soargje. 12/6: Lyryske reaksjes op it iepeningsstik Peer Gynt troch Tryater. 17/6: Schuurtjestheater mei Kris Niklison. 30/6: Krityk op lokaasjeteater fanwege de skea oan de natuer.