Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

LTV_FERSETSMUSEUM

Verzetsmuseum Friesland

16 April 1995

Ut it fernijde Verzetsmuseum Friesland wei, ûnderdiel fan it Fries Museum yn de Kânselarij, praat Geart de Vries mei ferskillende minsken oer de Twadde Wrâldoarloch. Wybe de Jong en Trynke Postma-Friso fertelle oer har ûnderfiningen. De Jong wie aktyf yn it ferset en waard 14 april 1945 befrijd út Crackstate op It Hearrenfean. By de famylje fan frou Friso wienen ûnderdûkers, no jout se de jeugd foarljochting oer de oarloch.

Linkk Ekstra: Wenje yn Fryslân 3

Linkk Ekstra: Wenje yn Fryslân 3

01 Desimber 2000

Dizze ôflevering fan Linkk Ekstra, in programma fan skoaltelefyzje, is diel trije fan in searje oer wenjen. Jildou Hoitsma fertelt oer hoe't útwreiding fan in plak ta stân komt. Se docht dat oan de hân fan it plan Houkepoort, dat in nije wyk by Snits wurde moat, dat no noch in stik greide is. Se praat mei de ûntwerper fan it plan, stêdeboukundige Ashok Bhalotra en Bouke Oppewal fan de gemeente.

Sybe Satellyt 0404

Sybe Satellyt 0404

14 Desimber 1993

Sybe Satellyt is in edukatyf berneprogramma fan skoaltelefyzje. Utfiner Sybe kin mei syn apparaten lykas de tiidmasine en skoop oer de hiele wrâld sjen. Sybe sjocht by krystbeammekweker Johan Klaver en hy giet nei de roomske tsjerke, dêr't pastoar Van der Wal oer krysttiid fertelt. En Sake Roodbergen hat in fetbol makke foar de fûgels.