Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

BOPPESLACH-FRAGMINT_2023-06-08

Boppeslach: Hurdegaryp - Heerenveense Boys

22 Maaie 2000

In ferslach fan de earste fan de twa beslissingswedstriden tusken Hurdegaryp en Hearrenfeanske Boys op 20 maaie 2000, einstân 3-1.

LTV_SOKRATES_FR_160901_WR

De Fryske Sokrates (diel 1)

16 Septimber 2001

Frans Hemsterhuis (1721-1790) fan Frjentsjer wie in filosoof, en like grut as Erasmus en Spinoza. Kenners en ûndersikers fertelle oer syn libben, wurk en betsjutting. Syn heit wie heechlearaar Gryksk oan de Frjentsjerter universiteit.

180628_SADWAANDE_13_06_2001_BRIEVEN.mp4

Sadwaande: Brieven

13 Juny 2001

Dizze Sadwaande giet oer brieven. We prate mei twa jonges dy't it 'brievenbusproject' opset ha, om minsken wer oan it kaartskriuwen te krijen. Se ha in 100 meter lange brief mei lokwinsken foar it oansteande keninklik breidspear makke. We freegje minsken op strjitte ek om in kaart te skriuwen. We sjogge by it postsortearsintrum, by ien mei as hobby briefskriuwen en ien dy't noait post krijt. En we sjogge by it FLMD dêr't de brieven van Nynke van Hichtum bewarre wurde. Prinses op learzens is fereale op de postboade.