Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

LTV_100-jier-Frysk-yn-it-underwiis_WR

Hûndert stapkes: 100 jier Frysk op skoalle

28 Oktober 2007

Tsjin de achtergrûn fan de skiednis fan it twatalich ûnderwiis yn Fryslân - de stadige stapkes fan ferbod nei ferplichting - wurdt sjen litten hoe't it der op dit stuit foarstiet mei it Frysk op skoalle. Yn it programma ek minister Ronald Plasterk fan ûnderwiis. Oan him de fraach foarlein hoe't hy tasjen sil op it neikommen fan de wetlike ferplichting. Koen Zondag fertelt oer de skiednis fan it twatalich ûnderwiis. We sjogge op in skoalle yn Grou dêr't se Fryske dagen hawwe en by in teleles op it middelber ûnderwiis yn Snits.

De dei foar de tocht #2

De dei foar de tocht #2

03 Jannewaris 1997

Op de dei foar de fyftjinde Alvestêdetocht hat Omrop Fryslân meardere útstjoerings oer de tariedings foar de 'Tocht der Tochten' makke. Yn dizze útstjoering kinne jo ûnder oaren sjen nei reportaazjes oer: minsken dy’t de Alvestêdetocht in dei earder riden, de foarsoarchsmaatregels yn Bartlehiem en de earstehelppost by de Bonkefeart.

Rondo Musica 2: Blaas- en koperynstruminten

Rondo Musica 2: Blaas- en koperynstruminten

07 Novimber 2000

Yn Rondo Musica, in programma fan skoaltelefyzje, fertelt Tamara Schoppert oer muzyk. Yn diel twa steane blaas- en koperynstruminten sintraal. Jacob Slagter is hoarnist by it Concertgebouworkest yn Amsterdam en leit út hoe't de hoarn wurket. Hy jout ek les oan Renske Wijma. Se sit by it korps yn Aldegea (Sm.)