Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

Fan fan: Foppe de Haan

Fan fan: Foppe de Haan

21 Desimber 1998

Yn de rubryk 'Fan fan' yn it sportprogramma Boppeslach wurdt Foppe de Haan it himd fan it liif frege troch Pieter Siegersma (14 jier) út Gerkeskleaster. Hy moetet de trainer fan SC Hearrenfean by de klup.

Sybe Satellyt 0702

Sybe Satellyt 0702

04 Oktober 1996

Sybe Satellyt is in edukatyf berneprogramma oer Sybe dy’t mei syn satellyt oeral hinne kin. Mei syn hûn Sjef belibbet er elke dei wer wat oars. Yn dizze útstjoering sjocht Sybe by de toanielferiening Tryater en giet er mei Sake nei de heide. En ymker Roel Klompmaker fertelt oer syn bijen.

Wurktiid TV: Autobedriuw Boelens en Van den Akker

Wurktiid TV: Autobedriuw Boelens en Van den Akker

09 Novimber 1994

Yn Wurktiid TV sjogge we it wurk fan ferskate bedriuwen. Yn dizze ôflevering giet it oer autobedriuw Boelens en Van den Akker yn Ljouwert. Se ha as earste yn Fryslân it ISO-sertifikaat krigen. J. van den Akker, direkteur Boelens en Van den Akker, R. Boon, Bovag belangeferiening autobedriuwen, Janine de Wolf, resepsjoniste en Jan Pauhuis, wurkpleats fertelle deroer.