Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

LTV_Nynke-Laverman_WR

Nynke Laverman - Ik fiel wat ik sjong

23 April 2006

Nynke Laverman is dwaande mei har nije programma 'De maisfrou'. Se fertelt oer har ideeën en ynspiraasjeboarnen. De teksten binne skreaun troch dichter Albertina Soepboer, dy't har ynspirearje liet troch Meksiko, it lân dêr't se beide ek hinne west ha. Se fertelle oer de teksten en de muzyk en we sjogge by de opnamen en de muzikale ynfolling fan slachwurker Sytze Pruiksma.

LTV_GRALDASTATE_NEI_DE_BRAN

Graldastate nei de brân

26 Desimber 1993

By in brân yn appartemintekompleks Graldastata yn Menaam, dêr't benammen âlderen wenje, binne trije minsken omkaam. We sjogge mei bewenners werom op de brân dy't in soad impact hie, guon koenen amper wat meinimme. Se moasten op syk nei oare wenromte en misse har meibewenners.

Arsjitektuer en Co 3 It bouwurk

Arsjitektuer en Co 3 It bouwurk

20 Maaie 1990

Wat is it proses dy't in arsjitekt trochgiet mei syn bouwurk? Yn dizze lêste útstjoering fan Arsjitektuer en Co lit Sjoerd Ybema it bouwurk sjen wêr't er it grutsk op is: Thialf. En arsjitekt Gunnar Daan fertelt oer it atelier en wenhûs dy't er ûntworpen hat.