Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

Van Tuinen Thús by Karel Helder

Van Tuinen Thús by Karel Helder

16 Juny 2004

Thús by Karel Helder yn Parregea, wethâlder fan de eardere gemeente Wûnseradiel, de Grutte Pier fan de provinsje.

LTV_Fryske-Akademy-70jier_WR

Fryske Akademy 70 jier

07 Desimber 2008

De Fryske Akademy bestie yn 2008 70 jier. Omrop Fryslân folge in pear ûndersikers: wurdboekman Piter Boersma, taalûndersiker Arjen Versloot en histoarikus Hans Mol. Ek direkteur Rein Salverda en rektor magnifikus Jacob Fokkema fan de TU Delft komme oan it wurd.

OPBOU_3_WEROMROP

De Opbou 3: De begelieders

21 Maart 1991

Yn in trijelûk komt de yndustrialisaasje oan de oarder oan de hân fan Philips Drachten as foarbyld. Yn dit tredde diel komme de tsjinstanners en tsjinlûden fan de yndustrialisaasje oan de oarder. It sukses is sa grut dat sels yn Amearika reklame makke wurdt foar de Drachtster skearapparaten. Philips hat mear personiel nedich en besiket dy te winnen ûnder Friezen om utens. Troch de groei fan it fabryk en it grutte tal minsken dat dêryn wurket, feroaret de maatskippij ek. In animaasjefilmke moat de foaroardielen fan it wurk yn it fabryk weinimme.