Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

LTV_VERBELINGE_050999_WR_2

'In Verbelinge'; keunst yn de Stellingwerven

05 Septimber 1999

Foar de manifestaasje ‘In Verbelinge, keunst op basis fan ferhalen yn it Stellingwerfsk’ binne acht keunstners útnûge om wat te betinken, ynspirearre op de streek, kenmerken en ferhalen. We folgje in pear keunstners: Groenewoud/Buij meitsje in grutte reade teddybear, Atte Jongstra makket by de slûs yn Nijeberkeap in byld yn stien mei in Fryske en Stellingwerver tekst, de Amerikaan Allen Ruppersberg makket in byld foar de frijwilliger en de Ingelske Georgina Starr wol in liet meitsje. We folgje de keunstners yn har syktocht en sjogge by it proses fan meitsjen.

Wyn op Woansdei: Megapark

Wyn op Woansdei: Megapark

31 Maart 2004

Programmamakker Gerard van der Veer ûndersiket hoe't it Megapark, foar grutte ynternasjonale bedriuwen, by It Hearrenfean mislearre is. Yn it 10-jierrich bestean fan dit yndustryterrein hat allinne it kompjûterassemblaazjebedriuw SCI him hjir fêstige, mar dat bedriuw is ek al ticht. Hy reizget troch it gebiet fan 80 bunder dêr't it no liket te spûkjen en praat mei de minsken dy't yn 1993 mei de plannen fan it Megapark konfrontearre waarden.

Hjoed: Dominomosk oerdroegen oan Natuurmuseum Rotterdam

Hjoed: Dominomosk oerdroegen oan Natuurmuseum Rotterdam

15 Desimber 2005

Der is hjoed wer in haadstuk taheakke oan de soap om de dominomosk hinne. Yn in fakânsjehûs yn Makkingea is hjoed de oerdracht fan de mosk oan it natuermuseum Rotterdam. De bûtengewoan opspoaringsamtner fan de provinsje hat de dominomosk wikenlang yn 'e kuolkast lizzen hân. Hy hat it bistje fuortendalik nei it deadlike gewearskot ophelle by de skutter út Lelystêd. Dêrnei woe eltsenien de mosk wol hawwe. It natuermuseum Rotterdam kaam as winner út de bus. Se binne sa bliid as in protter, eh mosk.