Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

LINKK 13: Koartsluting

LINKK 13: Koartsluting

25 Jannewaris 2002

Linkk is in telefyzjeprogramma foar skoalbern fan de ûnderbou fan it fuortset ûnderwiis. De presintaasje wurdt dien troch Koppie en Kink. Dizze ôflevering giet oer koartsluting, ûnder oare oer it boek Koartsluting fan Akky van der Veer, mar ek oer koartsluting yn de holle ast hiel boas bist. En fierder oer wjerljocht en psychoterapy.

180716_SADWAANDE_OER_FERLIES_19_04_2000.mp4

Sadwaande: Ferlies

19 April 2000

Dizze Sadwaande giet oer it ferliezen fan in dierber persoan. We sjogge by de frijwilligers fan Humanitas dy't minsken begeliede by it rouproses en we hearre it ferhaal fan twa minsken. Ien frou ferlear har man en in man ferlear syn frou. Hoe geane se mei it ferlies om?

Boppeslach: Hurdegaryp - BCV

Boppeslach: Hurdegaryp - BCV

25 Maaie 1998

Hurdegaryp en BCV út Burgum spile mei Eems Boys in heale kompetysje, om út te meitsjen wa't der promovearret nei de earste klasse.