Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

Linkk Ekstra: Oerfloed 1

Linkk Ekstra: Oerfloed 1

02 April 2004

Dizze ôflevering fan Linkk Ekstra, in programma fan skoaltelefyzje, giet oer oerfloed. Yn diel 1 stiet duorsumens sintraal. Jildou de Vries leit út dat we de ierde útputte, it miljeu fersmoargje trochdat we hieltyd mear produsearje en ek keapje. Se fertelt oer de globalisearring en ekonomyske groei.

De chip haldt gjin skoft diel 4

De chip hâldt gjin skoft (diel 4)

10 Novimber 1988

'De chip hâldt gjin skoft' is in rige fan fjouwer útstjoerings oer automatisearring yn Fryslân. Yn de fjirde ôflevering kinne jo sjen nei de gefolgen fan automatisearring op de sûnens, privacy en wurk fan minsken.

Baas Boppe Baas 0111: Nei-Aperij

Baas Boppe Baas 0111: Nei-Aperij

01 Jannewaris 2002

Under it iten fertelt Cynthia oan har pake en beppe dat se in nij húsdier ha. In lyts en aardich aapke. Mar wat dit bist jûns allegearre útfret is net sa moai...