Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

Baas Boppe Baas 0307: Beant Goes Hollywood

Baas Boppe Baas 0307: Beant Goes Hollywood

01 Jannewaris 2003

In kameraploech is opnamen oan it meitsjen yn it doarp. De regisseur freget oft Beant it doarp goed ken en oft hy in rol as gids fertolkje wol yn “Holland in beeld”. Beant docht syn bêst om in goede gids te wêzen, mar syn kondysje sit him yn it paad.

Wurktiid TV: Tulpeboer

Wurktiid TV: Tulpeboer

22 Maaie 1996

Yn Wurktiid TV sjogge we it wurk fan ferskate bedriuwen. Yn dizze ôflevering giet it oer boeren dy't der wat oars by dogge of op in oar produkt oerstapt binne. L. v.d. Kooy út Ternaard wie jirpelboer mar is hielendal oerstapt op tulpen. De Stichting Katalysator helpt boeren derby, om merkrjochte te produsearjen. We sjogge yn de stâl en by de tulpebollen.

Wurktiid TV: Oplieding Griene Romte by AOC

Wurktiid TV: Oplieding Griene Romte by AOC

24 Jannewaris 1996

Yn Wurktiid TV sjogge we it wurk fan ferskate bedriuwen. Yn dizze ôflevering giet it oer de oplieding Griene Romte by it AOC yn Ljouwert. Learlingen leare dêr foar hofker. Der is no noch in learlingestelsel, fjouwer dagen yn de wike wurkje en ien dei nei skoalle, mar meikoarten begjint de dei-oplieding. J. Helmers, dosint en learlingen F. Calsbeek en S. Bijlstra fertelle oer de oplieding.