Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

Wyn op Woansdei: Hepie en Hepie

Wyn op Woansdei: Hepie en Hepie

25 Febrewaris 2004

Programmamakker Gerard van der Veer folget it yllústere duo Hepie en Hepie, dat 20 jier nei "Ik lig op mijn kussen stil te dromen" en oare grutte suksessen dit jier in comeback hopet te meitsjen. De twa Hepies út De Westereen en Twizelerheide trede sûnt koart wer op en binne ek de studio yndûkt. Hoe dreech is it om op 'e nij ta te slaan? Hepie en Hepie meie optrede yn de Heineken Music Hall yn Amsterdam foar 10.000 man. De druk wurdt hieltyd grutter as bliken docht dat it dreech is in nije hit te skriuwen.

LTV_BYLDMAKKERS_170199_WR

Byldmakkers

17 Jannewaris 1999

We folgje trije ûntwerpers: Johan de Boer is meubelmakker. Hy is frege in stamtafel te ûntwerpen foar hegeskoalle NHL. Ella Wiersma en Cynthia Kooi binne moade-ûntwerpers. As Cyell meitsje se badpakken en bikinys. Gert-Jan Slagter is grafysk foarmjouwer. Hy makket ûnder oare affysjes. Se fertelle allegear oer har wurk, har passy.

Ambassadeur foar Fryslân: lânbou-attasjee yn Hong Kong (diel 2)

Ambassadeur foar Fryslân: lânbou-attasjee yn Hong Kong (diel 2)

18 Febrewaris 1990

Programmamakker Piter Tjeerdsma praat mei Reinder Schaap, berne yn Dearsum, en no lânbou-attasjee yn Hong Kong. Hy fertsjinwurdiget it ministearje fan Lânbou en spilet dus in grutte rol by de suveleksport fan Nederlân. Der binne mear Friezen om utens: Klaas Oreel sit yn de fiskerij en Gjalt Ytsma hat seeskippen yn Hong Kong. Tjeerdsma folget Reinder Schaap by ferskate bedriuwen del lykas in roazekwekerij en fertelt oer de hannel mei de Sinezen.