Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

Tritigers 0207: Wurkleas

Tritigers 0207: Wurkleas

04 Novimber 2003

Bern, relaasjes, karriêre, lifestyle. It binne in pear ûnderwerpen dy't yn it programma Tritigers oan bar komme. Fêst ûnderdiel fan it programma is it 30+panel mei Johannes Kramer, Jan Wartena, Marijke Rijpma, Bob Sikkema, Meindert Talma, Janske Wielinga, Froukje Hernamdt dy't fertelle hoe't sy tsjin tema's oansjogge as âlder wurde, uterlik, skoanâlden, rykdom, relaasjekrisis en oare saken dy't harren dwaande hâlde. Yn it sande diel fan de twadde searje giet it oer wurkleazens. Troch de krisis ferlieze tritigers har baan.

LTV_Drents-Friese-Wold_doku_WR

It bosk is fan ús allegear - oer it Drents Friese Wold

18 Septimber 2005

Yn Nasjonaal Park Drents Friese Wold wurde tal fan beammen kapt om sa mear fariaasje te krijen. It gebiet bestiet út 4.000 bunder bosk, der is heide en it woestyngebiet Keale Dunen. It kappen troch Steatsboskbehear ropt heftige reaksjes op. Der wurde ynformaasjejûnen belein foar omwenners en der wurdt in aksjegroep oprjochte dy't yn de supermerk mei ynformaasje stiet. Earder is de wetterhúshâlding yn it gebiet mei it Beekdal al opknapt. It Nasjonale Park smyt mear bekendheid op wat goed foar de rekreaasjesektor, lykas de camping, is.

ITDOARP_EASTERNIJTSJERK_200599

It Doarp: Easternijtsjerk

20 Maaie 1999

Yn dit programma besjogge we it doarp Easternijtsjerk en alles wat derby heart oan de hân fan learlingen dy't allerhanne minsken besykje en fragen stelle. Sa komme we mear te witten oer de skiednis fan de tsjerke, sjogge we by in bijehâlder, garaazjebedriuw en arsjitekt Gunnar Daan. Ek de stands op de Expo, de feesttinte, fuotbal, skoalle, it nijbouplan en de leeljekweker komme foarby.