Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

LTV-Duorsume-Enerzjy_WR

Duorsume enerzjy

26 Maart 2006

Oer net al te lange tiid reitsje de fossile brânstoffen op, dus wurdt sjoen nei alternativen lykas wyn- en sinne-enerzjy. Oerheden sille dat oppakke moatte, Twadde Keamerlid Diederik Samsom komt oan it wurd, lykas deputearre Bertus Mulder en wethâlder Marga Waanders en miljeudeskundige Bouwe de Boer. We sjogge by bedriuwen dy't sykje nei oare foarmen om enerzjy op te wekken, lykas by Nij Bosma Zathe (út keunstdong) en by Wetsus (út oergong fan sâlt nei swiet wetter) en by frachtweinen dy't op koalsiedoalje ride. Ek heechlearaar duorsume technology Wubbo Ockels komt oan it wurd.

De Dyk Ut 02

De Dyk Ut 02

08 July 1998

De Dyk Ut. Oflevering 2: Skiermûntseach, de affaire-Lancée

Doede Bleeker by de IFKS yn 1995

Doede Bleeker by de IFKS yn 1995

14 July 1995

Starum makket him op foar de earste wedstryd fan de IFKS. Fiskkeapman en trûbadoer Doede Bleeker rydt mei syn fiskkarre nei de haven, nei syn fertroude plakje by it Vrouwtje van Stavoren. Doede hat oeral in miening oer, dus ek oer de IFKS. Fierder in ferslach fan de wedstryd. Algemeen Dagblad-sjoernalist Arjan Paars hâldt it net drûch...