Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

Wyn op Woansdei: Nije wurkleazen

Wyn op Woansdei: Nije wurkleazen

22 Oktober 2003

Programmamakker Gerard van der Veer dûkt yn de wurkleasheid. It leger wurkleazen is it ôfrûne jier yn rap tempo tanommen en it iene nei it oare Fryske bedriuw giet fallyt. Yn Den Haag wurdt keazen foar de hurde oanpak. Wurkleazen moatte safolle mooglik prikkele wurde om wer oan de slach te gean. Gerard van der Veer folget twa manlju dy't troch it fallissemint by skipswerf Bijlsma yn Warten wurkleas rekken. Fokke de Jong en Appie Zwerver hawwe harren libbenlang dêr wurke, mar moatte no leare hoe't sy wer oan de bak komme moatte.

180702_SADWAANDE_03_06_1998.mp4

Sadwaande: podoterapeut, berne-opfang, rjochtbank (diel 2) en wurk (diel 7)

03 Juny 1998

Sadwaande is in programma dat him rjochtet op de ekonomy en bedriuwen. De kwestje en de oplieding foar wurk, in hiel soad ûnderwerpen komme foarby yn dit programma. Dizze kear yn de rige oer de rjochtbank fertelt Oebele Brouwer oer syn wurk as offisier fan justysje. Yn de searje oer wurk krije we tips foar it sollisitaasjepetear. We sjogge wat it wurk fan in podoterapeut ynhâldt en der is in reportaazje en petear oer de berne-opfang.

LTV_LJOUWERT_HBO_STED_101200_WR

Ljouwert hbo-stêd?

10 Desimber 2000

Ljouwert hat trije hegeskoallen: CHN, NHL en Van Hall. Mar Ljouwert is lanlik net echt bekend is hbo-stêd. Op de foarljochtingsdagen docht bliken dat oankommende studinten net goed witte wat se fan Ljouwert ferwachtsje kinne. Bestjoerders fan de hegeskoallen komme oan it wurd, mar ek studinten. Dy fertelle oer har oplieding en it studintelibben.