Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

Wurktiid TV: Fearboat nei Skylge

Wurktiid TV: Fearboat nei Skylge

30 April 1997

Yn Wurktiid TV sjogge we it wurk fan ferskate bedriuwen. Yn dizze ôflevering giet it oer it wurk op de fearboat nei Skylge. Bêste kollega is boufakker Sake Elzinga. En der is wer in oprop foar wurk. En in fersekeringskantoar yn Surhústerfean kin nije minsken brûke.

Wurktiid TV: Fytsferhier en hoarekasaak yn Aldemardum

Wurktiid TV: Fytsferhier en hoarekasaak yn Aldemardum

16 April 1997

Yn Wurktiid TV sjogge we it wurk fan ferskate bedriuwen. Yn dizze ôflevering giet it oer it nije bedriuw fan Michiel en Hanneke Hoekstra yn Aldemardum dy't in nije saak bouwe litte. Se ferkeapje, reparearje en ferhiere fytsen en se ha der ek in restaurant by. By in oargelmakker yn Ljouwert sykje se in oargelstimmer. Bêste kollega is Ina van Dijk, kantinejuf by in kwekerij yn Balk. En op it Centrum Vakopleiding yn Ljouwert docht ien in oprop foar wurk.

SADWAANDE_270601_TINTE

Sadwaande: Tinte

27 Juny 2001

Dizze Sadwaande giet oer tinten. Fiif ferneamde Friezen dogge in wedstriid yn wa't it fluchst in tinte opsette kin. De kandidaten binne Alvestêdefoarsitter Henk Kroes en syn frou, skûtsjeskipper Allard Syperda mei frou, sjonger Jaap Louwes mei freondinne, boargemaster Loekie van Maaren en fierljepster Antke van der Wal mei in freondinne. Prinses op learzens sit yn in caravan.