Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

180717_SADWAANDE_OER_HARNS_03_05_2000.mp4

Sadwaande: Harns

03 Maaie 2000

Dizze Sadwaande giet oer Harns, en dan benammen it havengebiet. Der wurdt flink ynvestearre yn in yndustryhaven, boargemaster Chris Arlman fertelt deroer. Fierder sjogge we by ferskate skippen, fan in hypermoderne marineskip oant in histoarysk sylboat fan de brune float. Prinses op learzens makket allerhanne foto's.

LTV_MAGNEETSWEEFTREIN_031004_WR

De ridende trein. Wa springt derút?

03 Oktober 2004

Al jierren is in nije spoarferbining mei de Rânestêd in grutte winsk fan Noard-Nederlân. Hoe flugger de trein, hoe mear wurkgelegenheid, is it idee. Begjin dizze ieu wie de magneetsweefbaan dêrom in opsje. Mar yn de rin fan de jierren feroare it politike klimaat. Yn dizze dokumintêre út 2004 komme foar- en tsjinstanners fan de sweeftrein oan it wurd.

SADWAANDE_KOMPILAASJE_230699

Sadwaande: kompilaasje 1998/1999

23 Juny 1999

Yn dizze kompilaasje fan it seizoen 1998/1999 fan Sadwaande neist de aardichste kwoots, ek it ferfolch op de plannen foar de wenwyk by Himpens-Tearns. Presintatrise Ingrid Spijkers blikt yn de studio mei Rindert van der Zwaag werom op ien fan de earste ôfleverings. En hoe fergie it de winner fan de starterskompetysje, C/Quense út Snits?