Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

LTV_KWEEKSKOALLE_190498_WR

De arbeidersuniversiteit, de kweekskoalle

19 April 1998

De fêstiging fan de pabo yn Drachten (fan de NHL) moat slute, learlingen moatte tenei nei Ljouwert. We hearre de learlingen fan no, se ha bewust keazen foar in lytse skoalle. En we dûke de skiednis yn, doe't it de rykskweekskoalle wie, foarrinner fan de PA. Twa âld-ûnderwizers fertelle oer har ûnderfiningen en we hearre oer de skiednis fan de kweek yn Drachten en dy fan It Hearrenfean dy't al earder slute moast. By reünys fan beide opliedingen treffe âld-learlingen inoar.

Fryslan yn de Tritiger jierren diel 6: Krisis Demokrasy

Fryslan yn de Tritiger jierren 6: Krisis Demokrasy

11 Novimber 1989

It programma ‘Fryslân yn de tritiger jierren’ jout mear ynsicht yn krisistiid fan de jierren tritich. Yn de lêste útstjoering fan dizze rige hat Sake Visser it oer de krisis fan de demokrasy en it ferset fan foar de oarloch.