Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

LTV_SAMLERSBLOED_FR_040301_WR

Samlersbloed

04 Maart 2001

Portret fan twa keunstsamlers: Cor van der Ploeg en Daisy Posthuma. Se litte sjen wat se oan keunst kocht hawwe yn de rin fan de jierren en wat dy passy foar har betsjut. Ek sjogge we dat se op besite gean by de keunstner yn syn atelier. Van de Ploeg by Klaas Koopmans en Posthuma by Gjalt Walstra. We sjogge ek op in feiling dêr't keunst wurdt ferkocht.

LTV_NIJJIER_YN_DRACHTEN_WEROMROP

Nijjier yn Drachten

03 Jannewaris 1993

In portret fan de ploech dy't yn Drachten wurket oan de Nijjiersrevue 'De zon- en feestdagenshow' fan 1993. De tradysje is begûn ûnder de eardere Laweidirekteur Roel Oostra mei it stik 'Dag ouwe, dag jonge' yn 1972 en de hjoeddeiske direkteur Thom van der Goot set dat troch. De tekst is fan Rients Gratama dy't ek meispilet en de muzyk is fan Peter Sijbenga. It stik wurdt spile troch tal fan amateurs, guon dogge al foar de 15e kear mei. We sjogge by de tarieding, repetysjes en it naaien fan de kostúms.

LTV_Frysk-Festival-3_Lan-en-wetter_WR

Frysk Festival 3: Lân en wetter

21 Septimber 2008

Hoite en Sytze Pruiksma wurde folge by de tariedings fan har foarstellings. Yn 'Rite fan Wetter' kombinearre Hoite Pruiksma dûns, muzyk en wetter yn in teaterspektakel dat brocht waard midden op 'e Hofmar, by It Heidenskip. Sytze Pruiksma liet yn syn foarstelling 'Lân' it Fryske lânskip as in partituer sjen op grutte filmdoeken, midden yn it Hegewiersterfjild, in natuergebiet tusken Kimswert en Harns.