Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

180702_SADWAANDE_22_04_1998.mp4

Sadwaande: faksins, klokmakker, noed oer plattelân en oplieding (diel 1)

22 April 1998

Sadwaande is in programma dat him rjochtet op de ekonomy en bedriuwen. De kwestje en de oplieding foar wurk, in hiel soad ûnderwerpen komme foarby yn dit programma. Dizze kear sjogge we by it wurk fan klokmakker Hans Visser yn Drylts, we prate mei deputearre Sicko Heldoorn oer de noed dy't de Feriening Lytse Doarpen hat oer it folbouwen fan it plattelân en yn in nije searje folgje we twa froulju dy't in oplieding dien ha om wer oan it wurk te kinnen en we sjogge by de GGD dy't reizgers faksinearret foar fiere lannen.

Under Fjoer 0106 Agnes Kant (2)

Under Fjoer 0106 Agnes Kant (2)

16 April 2003

Yn dizze Under Fjoer diel 2 fan politika Agnes Kant fan de SP dy't ûnderfrege wurdt troch seis jongeren.

PETEAR_JOPIEHUISMAN

It Petear: Jopie Huisman

31 Oktober 1995

De markante keunstskilder Jopie Huisman fan Warkum sit by Klaas Jansma oan tafel.