Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

Hjoed: Aaipop 5 april 1999

Hjoed: Aaipop 5 april 1999

05 April 1999

It Aaipop-festival yn Nijlân is hjoed wer útferkocht. Mei 2900 besikers. It grutste Frysktalige popfestival kaam om twa oere wat stadich op gong, letter kaam de sfear der goed yn. In impressy.

LTV_GERRIT_DE_WILDE_050904_WR

Technyk & gefoel: portret fan byldzjend keunstner Gerrit de Wilde

05 Septimber 2004

Gerrit de Wilde komt fan Beverwijk mar wennet al jierren yn Makkum. Hy makket in ferskaat oan keunst en skriuwt ek. Hy hat gjin boadskip, mar kwetsberheid en agresje komme geregeld werom yn syn wurk. We sjogge him oan it wurk yn syn atelier, by syn selsboude motor en syn wurken. Hy fertelt oer syn libben en ynspiraasje, syn leafde foar de see en kikkerts.

SIMMER2000_SKETSJ_ERFPACHT_140700_WR

Simmer 2000: Sketsj Erfpacht

14 July 2000

Simmer 2000 is in tiid fan wersjen mei famylje en âlde kunde. Rients Gratama spilet de Amsterdammer Piet van Loene, dy't ferhaalt oer frjemde kostgongers.