Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

Sybe Satellyt 0204

Sybe Satellyt 0204

10 Desimber 1991

Sybe Satellyt is in edukatyf berneprogramma oer Sybe dy’t mei syn satellyt oeral hinne kin. Mei syn hûn Sjef belibbet er elke dei wer wat oars. Yn dizze útstjoering fertelt Wout Zijlstra, de sterkste man fan Fryslân, wat syn geheim is, litte de bern fan de St. Martinusskoalle yn Wergea harren eigenmakke masinen sjen en leit Gerrit Oudenga út oer it ynkeapjen fan fjoerwurk yn Sjina en oer de goede manier om fjoerwurk ôf te stekken.

LTV_MAGNEETSWEEFTREIN_031004_WR

De ridende trein. Wa springt derút?

03 Oktober 2004

Al jierren is in nije spoarferbining mei de Rânestêd in grutte winsk fan Noard-Nederlân. Hoe flugger de trein, hoe mear wurkgelegenheid, is it idee. Begjin dizze ieu wie de magneetsweefbaan dêrom in opsje. Mar yn de rin fan de jierren feroare it politike klimaat. Yn dizze dokumintêre út 2004 komme foar- en tsjinstanners fan de sweeftrein oan it wurd.

LTV_Drents-Friese-Wold_doku_WR

It bosk is fan ús allegear - oer it Drents Friese Wold

18 Septimber 2005

Yn Nasjonaal Park Drents Friese Wold wurde tal fan beammen kapt om sa mear fariaasje te krijen. It gebiet bestiet út 4.000 bunder bosk, der is heide en it woestyngebiet Keale Dunen. It kappen troch Steatsboskbehear ropt heftige reaksjes op. Der wurde ynformaasjejûnen belein foar omwenners en der wurdt in aksjegroep oprjochte dy't yn de supermerk mei ynformaasje stiet. Earder is de wetterhúshâlding yn it gebiet mei it Beekdal al opknapt. It Nasjonale Park smyt mear bekendheid op wat goed foar de rekreaasjesektor, lykas de camping, is.