Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

FRYSLAN_LESTE_OARLOCH_1_WEROMROP

Fryslân yn de lêste oarloch 1: Maaiedagen yn Makkum

08 April 1990

Yn in rige fan fjouwer dielen sjogge we werom op de Twadde Wrâldoarloch. Yn diel ien de oanrin nei it begjin fan de oarloch. Hoe waard dy tiid belibbe yn Makkum en omstreken? Gertrud Faber-Hornstra, Pieter Tichelaar en Annie Keuning-Tichelaar, Bauke Kamstra en Willem Braam (doe soldaat) fertelle oer har oantinkens oan it begjin fan de oarloch. It giet oer de mobilisaasje, de Wûns-stelling, dat Makkumers flechtsje, oefeningen fan de Luchtbeschermingsdienst, striid by de Ofslútdyk, it bombardemint Rotterdam en dêrnei de kapitulaasje en de yntocht fan de Dútsers.

LTV-Generaasjes-4-Mindert-en-BabsWijnstra

Generaasjes 4: Mindert en Babs Wijnstra

28 Maaie 2006

Mindert Wijnstra is ûnderwizer, berneboekeskriuwer en ferhaleferteller. Syn dochter Babs is yllustratrise en makket ek wurk foar de boeken fan har heit. Se die de keunstakademy en makket ek ferhalen en tekeningen foar it skoaltelefyzjeprogramma It Boskwyfke. Se komme fan Warns, flakby de Iselmarkust dy't beide ynspiraasje jout. We sjogge Mindert as ferhaleferteller yn aksje en Babs achter de tekentafel. Om't Mindert oan in ienmansskoalle stiet, hat er syn dochter seis jier lang yn de klasse hân. Se fertelle oer har gearwurking en de humor yn it wurk.

Boppeslach: Dreamteam fan 'e Greiden, diel 2

Boppeslach: Dreamteam fan 'e Greiden, diel 2

15 Oktober 2001

Yn it sportprogramma Boppeslach folgje we it Dreamteam fan 'e Greiden, de fuotballerkes fan F3 fan Easterlittens. We sjogge by de training fan trainer Sicko Velstra. Hy leart de jonges op goal sjitten, passen en it belangrykste: oerspyljen.