Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

LTV_LJOUWERT_HBO_STED_101200_WR

Ljouwert hbo-stêd?

10 Desimber 2000

Ljouwert hat trije hegeskoallen: CHN, NHL en Van Hall. Mar Ljouwert is lanlik net echt bekend is hbo-stêd. Op de foarljochtingsdagen docht bliken dat oankommende studinten net goed witte wat se fan Ljouwert ferwachtsje kinne. Bestjoerders fan de hegeskoallen komme oan it wurd, mar ek studinten. Dy fertelle oer har oplieding en it studintelibben.

7de klasse A 17: Twizel - Dokkum

7de klasse A 17: Twizel - Dokkum

14 April 2003

Yn de rige '7de klasse A' folget Boppeslach de leechste amateurklasse fan it fuotbaljende Fryslân. Dizze wike: Twizel tsjin Dokkum. De nûmer 2 en 3 fan de kompetysje noch folop yn de race om de titel. Blessures by Dokkum en Martin Hoekstra krijt in reade kaart.

Wyn op Woansdei: Gerard Boersma

Wyn op Woansdei: Gerard Boersma

26 Oktober 2005

Programmamakker Annet Huisman folget de Ljouwerter skilder Gerard Boersma yn New York dêr't er in eksposysje hat yn in galery. Hy makket hyperrealistysk wurk fan minsken yn de stêd. Ek it Fries Museum hat in wurk fan him kocht.