Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

LTV_BINNENSKIPPERJE_WEROMROP

Binnenskipper Douwe Visser fan Snits

20 Septimber 1992

Yn dit programma farre we mei Douwe en Hetty Visser fan Snits mei op har binnenfeartskip fan 950 ton. Sechtich kear yn it jier farre se fan Akkrum nei Giesbeek om sân te heljen. "Farre is in manier fan libjen" seit Douwe Visser. We sjogge hoe't se by de slûs op De Lemmer de post ophelje. Hetty komt fan de wâl en is stadichoan yn it wurk rûgele. Troch de wike binne se mei har beiden op it skip, de bern sitte op in ynternaat yn Ljouwert, se geane nei in gewoane skoalle. Yn it wykein binne se op it skip. Yn de simmer is Visser skûtsjeskipper by de SKS.

Fan fan: Chris Wassenaar

Fan fan: Chris Wassenaar

17 Augustus 1998

Yn de rubryk 'Fan fan' yn it sportprogramma Boppeslach wurdt keatser Chris Wassenaar it himd fan it liif frege troch Knillis van de Burg (8 jier). Se moetsje elkoar by de keatser thús yn Minnertsgea.

PETEAR_DETTEGLASHOUWER

It Petear: Dette Glashouwer

12 April 1994

Dette Glashouwer fan teaterselskip Suver Nuver is te gast by Bouke Oldenhof.