Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

Spegels: Oerol 2002

Spegels: Oerol 2002

27 Juny 2002

It kultuerprogramma Spegels giet folslein oer it teaterfestival Oerol op Skylge. Presintator Douwe Heeringa seach by de grutte foto's fan Linette Raven en besocht de dûnsfoarstelling Blok en Steel. Fierders reportaazjes oer Kyp kwaiut fan de Fryske groep Sult, de Flaamske sanger Flip Kowlier en de grutte lokaasjeprojekten ARKA en Styx.

It Wetter Op 16: Lauwersmar (2)

It Wetter Op 16: Lauwersmar (2)

02 Septimber 1999

Ferslachjouwer Simone Scheffer en kamerafrou Yvonne Douma binne noch op de Lauwersmar. Mei Jeroen Bouma besjocht Simone de natuer op ien fan de eilantsjes yn de mar. Ek praat se mei leafhawwer Henk Schaafsma dy't net folle ha moat fan de nije toeristyske ûntwikkelingen. En se moetet D. van der Schoot. Dizze 78-jierrige man fart 4 moannen yn it jier op syn tsjalk en lit dan syn frou thús. Oan de ein moat ien sa rap mooglik in pealstek (knoop) lizze.