Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

180719_SADWAANDE_OER_SOFTDRUGS_10_01_2001.mp4

Sadwaande: Softdrugs

10 Jannewaris 2001

Dizze Sadwaande giet oer softdrugs. We sjogge yn in coffeeshop, prate mei blowers, in jongereinwurker en in kweker. Prinses op learzens besiket ek wat te smoken.

LTV_POADIUM_2_SUVERNUVER

LTV Poadium 2: Portret fan mimegroep Suver Nuver

10 Desimber 1989

In portret fan mimegroep Suver Nuver. Har foarstelling 'Danspaleis Jericho of de gevaren van cosmetica' wie in hichtepunt op it Frysk Festival. We prate mei de trije leden fan it selskip: Dette Glashouwer, Peer van den Berg en Henk Zwart oer de Fryske taal en har relaasje mei Fryslân. Ek sjogge we hoe't se har tariede foar in foarstelling en sjogge by tariedingen foar in nije foarstelling dy't by skipswerf De Hoop yn Warkum wêze sil.

It ferhaal fan De Kast diel 1

It ferhaal fan De Kast diel 1

03 Septimber 2000

Foar de Nederlânske telefyzje is in dokumintêre makke oer ien fan de bekendste Fryske popgroepen: De Kast. De manlju fertelle hoe’t de perioade foar it sukses wie.