Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

Wurktiid TV: Meubelmakkerij Octo-Plus

Wurktiid TV: Meubelmakkerij Octo-Plus

03 Jannewaris 1996

Yn Wurktiid TV sjogge we it wurk fan ferskate bedriuwen. Yn dizze ôflevering giet it oer meubelmakkerij Octo-Plus yn Tersoal. It bedriuw makket allerhanne meubels op maat foar partikulieren en bedriuwen.
Direkteur H. van Sterkenburg en wurknimmers P. van der Velde en J. de Jager fertelle oer har wurk dat hiel ôfwikseljend is. It bedriuw sil meikoarten nei Grou ferhúzje.

Fan fan: Pelgrim Flyers

Fan fan: Pelgrim Flyers

19 Oktober 1998

Yn de rubryk 'Fan fan' yn it sportprogramma Boppeslach wurde de iishockeyers Pelgrim Flyers it himd fan it liif frege troch Jacob Schurer (39 jier). Hy moetet de spilers thús en fansels op it iis.

Sybe Satellyt 0304

Sybe Satellyt 0304

08 Desimber 1992

Sybe Satellyt is in edukatyf berneprogramma fan skoaltelefyzje. Utfiner Sybe kin mei syn apparaten lykas de tiidmasine en skoop oer de hiele wrâld sjen. Hy sjocht by de gaswinning yn Slochteren en leart hoe't it gas transportearre wurdt nei húshâldingen. Ek leart er fan Sake Roodbergen oer de fûgeltrek en Karin de Jong seach by it fangen fan houtsnippen.