Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

LTV_LESTELUDEN_4_WR2

De lêste lûden fan in taal: It stille lân (I) (diel 4)

09 Desimber 2001

Rige fan fiif programma's oer bedrige talen yn East-Europa. Yn dit fjirde diel binne we yn Kasjoebië, yn it noarden fan Poalen (by Gdansk). It Kasjoebysk is in Slavyske taal, tal fan dialekten binne útstoarn. It wie in ynformele thústaal mar de lêste jierren wurdt it wer ûnderwiisd op skoallen. We hearre oer de skiednis fan de Kasjoeben en sjogge yn Feanwâlden dêr't in delegaasje op besite is op de twatalige skoalle dêr.

LTV_FRIJFAAM

Frijfaam

18 Desimber 1994

Yn dit programma komme seis froulju op leeftiid oan it wurd, se fertelle oer har libben as frijfaam. Dat se noait troud west ha, hat foar- en neidielen sizze se. Se fertelle oer út watfoar húshâlding oft se komme, oer har oplieding, wurk en hobbys. Se ha der allegear frede mei dat se allinne binne. De froulju binne: Wytske Verloop (Aldegea, W), Detsje Koen en Durkje de Boer (Ljouwert), Antsje Joustra (Easterein), Doet Miedema (Dokkum) en Stien Draaisma (Boalsert)

Sadwaande: bekeuringen, bûgels en Sinteklaas

Sadwaande: bekeuringen, bûgels en Sinteklaas

19 Novimber 1997

Sadwaande is in programma dat him rjochtet op de ekonomy en bedriuwen. Nije fakatueres, ûndernimmers fan it jier en wa is de bêste kollega, in hiel soad ûnderwerpen komme foarby yn dit programma. Dizze kear: bekeuringen, bûgels en Sinteklaas.