Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

Linkk Ekstra: Wurk yn oplieding 1

Linkk Ekstra: Wurk yn oplieding 1

01 April 2005

Dizze ôflevering fan Linkk Ekstra, in programma fan skoaltelefyzje, is diel ien fan in searje oer wurk. Wat wolst wurde? Jildou de Vries folget in tal VMBO-learlingen dy't in âlde pleats yn Aldlemmer opknappe om der in wen- en soarchkompleks foar handikapte minsken fan te meitsjen. Auke en Trijntje Kroondijk ha de pleats kocht en wolle der apparteminten yn meitsje. Ek sjogge we by Biddle, in bedriuw yn klimaatapparatuer yn Koatstertille. Dêr fertelle wurknimmers oer it wurk dat se dogge.

Wyn op woansdei: Aids yn Súd-Afrika

Wyn op woansdei: Aids yn Súd-Afrika

23 Oktober 2002

Programmamakker Evert van den Berg reizge nei Súd-Afrika foar in reportaazje oer de opfang fan bern mei Aids. Twa Friezen, Aukje en Toby Brouwer, sette harren yn foar bern mei Aids yn it bernesikehûs yn Kaapstad. Se krije jild fan 'e sinneblom-aksje fan 'e Ljouwerter Krante.

SADWAANDE_200199_CALLCENTRE_WR

Sadwaande: Callcenter

20 Jannewaris 1999

Dizze Sadwaande giet oer callcenters. Dizze nije bedriuwen dy't telefoanysk ynformaasje jouwe, ha net oeral in goede namme. Yn Ljouwert binne in soad kantoaren, lykas FBTO en Postbank dêr't ek callcenters binne. De meiwurkers dêr helpe minsken en belje net mei agressyf ferkeappraat. It bedriuw Quality View op It Hearrenfean jout advys. Ingrid sil ek oan de telefoan, hoe fergiet it har? En wat fynt it fakbûn fan dit wurk?