Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

LTV_De-wrald-fan-reid_WR

De wrâld fan Reid

12 Oktober 2008

Strontrace-kopstik Reid de Jong wie yn 2008 ûnderwerp fan dizze dokumintêre. Hy wenne doe al 40 jier mei Cornelie op de fjoertoer yn Warkum, sûnder stroom of rinnend wetter. Reid is bekend wurden as organisator fan de Strontrace. Mei in lading drûge dong sile de skippen om it hurdst fan Warkum nei Súd-Hollân, en werom.

Om Utens: Pia Dijkstra

Om Utens: Pia Dijkstra

22 Oktober 1998

Yn it programma Om Utens wurde bekende Friezen portrettearre dy’t bûten Fryslân wenje en wurkje. Dizze útstjoering giet oer Pia Dijkstra út Snits. De sjoernalist, programmamakker en presintatrise is al fan har njoggentjinde ôf om utens.

Arsjitektuer en Co 1  De taal fan de arsjitekt

Arsjitektuer en Co 1 De taal fan de arsjitekt

06 Maaie 1990

Wannear is yts arsjitektuer? Dy fraach leit sintraal yn de earste útstjoering fan Arsjitektuer en Co. Om dêr in antwurd op te krijen gean we by ferskate gebouwen fan Fryslân del, mei ûnder oare: kânselarij yn Ljouwert, Frisian Shipyard yn Harns, tsjerke yn St. Anne en it stedhûs fan Boalsert.