Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

Frozenland: twa dagen muzykfestival yn Ljouwert

Frozenland: twa dagen muzykfestival yn Ljouwert

05 Juny 1998

Frozenland, ûnderdiel fan Fryslân 500, is in muzykfestival fan twa dagen by Ljouwert. Der komme minder besikers as ferwachte, mar de sfear is goed. Uteinlik binne 6.000 kaarten ferkocht. Der is in gat yn de begrutting fan 30.000 gûne. Der binne fiif poadia, ien fan de headliners is Run DMC, mar ek Fryske acts as Reboelje dogge mei en it lêste optreden fan Simmer is dêr.

CAMPING_4_WR

In dei op de camping 4: Het Wad yn Breesândyk

13 Augustus 1997

Sfearympresje fan de camping en syn gasten. Dizze camping oan de Iselmar ken eins inkeld fêste gasten mei in steancaravan. De plakken hawwe gjin stroom en wetter, de gasten meie der graach fiskje. Foar in boadskipke moatte se nei it pompstasjon oan de grutte dyk.

No Wy: Ayser út Irak

No Wy: Ayser út Irak

19 Oktober 2000

Yn it jongereinprogramma No Wy lit programmamakker Freddy Veenstra de jongerein oan it wurd. Yn dizze ôflevering folgje we Gemma Jissink dy't foar de skoalkrante in reportaazje meitsje sil oer Ayser Al-Hadity. Hy komt út Irak en wennet mei syn famylje hast twa jier yn it asylsikerssintrum yn Snits. Se wachtsje op in ferbliuwsfergunning. De famylje is flechte om't se it net iens wienen mei it regear fan Saddam Hoessein. Ayser is hiel muzikaal en spilet yn twa bands. Gemma freget him nei syn libben earder en no.