Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

NILGUNYERLI_WR3

'Maak je dromen waar'; portret fan Nilgün Yerli

31 Maart 2002

Nilgün Yerli kaam as famke fan 10 út Turkije nei It Hearrenfean. Se fielde har 'verdwaald' omdat se de taal net koe. No is de skriuwster, kabaretière en aktrise werom op It Fean. Se ken de grienteboer op de merk noch. Ek sjogge we wêr't de famylje wenne en wêr't har skoalle wie. Se is har heit tankber dat se de rykdom fan twa kultueren kennen leard hat. We sjogge ek stikjes fan har foarstelling.

Simmer 2000: Sketsj Utpraat

Simmer 2000: Sketsj Utpraat

18 July 2000

Simmer 2000 is in tiid fan wersjen mei famylje en âlde kunde. Rients Gratama en Freark Smink spylje twa neven dy't inoar sûnt 50 jier wer sjogge.

Wyn op Woansdei: Frijheidswyk

Wyn op Woansdei: Frijheidswyk

29 Oktober 2003

Programmamakker Annet Huisman freget har ôf hoe't de minsken fan de Frijheidswyk sels har buert belibje. De Ljouwerter wyk is de lêste tiid tige negatyf yn it nijs. In sjitpartij by it winkelsintrum, in stekpartij yn supermerk mei in skroevedraaier. De eigener fan dizze winkel slút letter de saak. Se praat mei in hiel soad bewenners. De wyk is 'stedsfernijingsgebiet': yn de kommende jierren wurdt de buert flink fernijd of renovearre. Sokke prosessen geane altyd traach en it gefaar driget dat yn dy tuskentiid de problemen earder grutter as lytser wurde.