Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

Sybe Satellyt 0502

Sybe Satellyt 0502

18 Oktober 1994

Sybe Satellyt is in edukatyf berneprogramma fan skoaltelefyzje. Utfiner Sybe kin mei syn apparaten lykas de tiidmasine en skoop oer de hiele wrâld sjen. Sjouke Lep fertelt oer it ferbouwen en roaien fan ierappels eartiids en no. Fierder sjocht Sybe op it patatfabryk yn Easterbierrum en is er mei basisskoalle It Oerset yn de Folksstjerrewacht fan Burgum. En Sake Roodbergen fertelt oer de komôf fan de jirpelplant en de 'akkerpest' en hy praat mei in keunstneresse dy't portretten makket fan ierpelskilen.

Wyn op Woansdei: Megapark

Wyn op Woansdei: Megapark

31 Maart 2004

Programmamakker Gerard van der Veer ûndersiket hoe't it Megapark, foar grutte ynternasjonale bedriuwen, by It Hearrenfean mislearre is. Yn it 10-jierrich bestean fan dit yndustryterrein hat allinne it kompjûterassemblaazjebedriuw SCI him hjir fêstige, mar dat bedriuw is ek al ticht. Hy reizget troch it gebiet fan 80 bunder dêr't it no liket te spûkjen en praat mei de minsken dy't yn 1993 mei de plannen fan it Megapark konfrontearre waarden.

MINSKEWURK_4_SKILDERS

Minskewurk 4: Skilders

16 Jannewaris 2001

We sjogge by ferskate minsken dy't skilderje. By it Koopmansfabryk yn Marrum meitsje se lateks, wat sit dêryn yn? En wat dogge hússkilders? Klaas de Graaf kin sa skilderje dat it liket oft it hout, marmer of goud is. We sjogge ek by twa keunstners yn har atelier, Ramon van der Werken en Dinie Boogaart, dêr't se oer har wize fan wurkjen fertelle. Ta beslút sjogge we by bern dy't in skilderkursus dogge by Parnas yn Ljouwert.