Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

ABD-sjoo 0409 Fryske taalkwis

ABD-sjoo 0409 Fryske taalkwis

31 Maaie 2005

Yn de njoggende ôflevering fan it fjirde seizoen ABD-sjoo nimme tal fan basisskoallen it tsjin inoar op yn de Fryske taalkwis. Oan de hân fan filmkes krije de bern fragen oer de Fryske taal.

LTV_MUSEUMDREAM_WR

Museumdream: oer Museum Belvédère

21 Novimber 2004

Yn Oranjewâld wurde de lêste saken dien yn en by it nije Museum Belvédère, foar hjoeddeiske en 20ste iuwske keunst. Oprjochter Thom Mercuur liedt rûn en fertelt oer syn idee by de kolleksje. Arsjitekt Eerde Schippers leit út dat it museum dat oer wetter hinne boud is in ferbining leit mei it lânskip deromhinne.

LTV_TWARRES_281203_WR

Noch ienris Twarres

28 Desimber 2003

Mirjam Timmer en Johan van der Veen út Wergea skoare mei 'Wêr bisto?' de earste Frysktalige nûmer 1 yn Nederlân. It duo dat bekend waard as publykswinner fan sjongfestival Liet hâldt op. Mei ferskillende minsken út de muzwykwrâld sjogge we werom op it duo dat begûn op talintejachten. Nei de hit folge lanlike bekendheid, in klip, platekontrakt, toernee, twadde cd en teätertoernee.