Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

LTV_IN_SKIP_MEI_KARAKTER_2.mxf

In skip mei karakter

05 Septimber 1993

Yn dit programma sjogge we trije âlde skipstypen foarbykommen: sleepboat, pream en beurtskip. Kees en Cock Duijvesteijn komme fan it Westland en wenje no oardel jier oan it PM-kanaal by Warten. Se kochten sleepboat HZ8, se binne der wiis mei fanwege it robúste karakter. Op de nasjonale sleepboatdagen yn Amsterdam treffe se oaren mei ek in sleepboat, net in boat is gelyk. It skip is boud yn 1929 en die oant 1978 tsjinst. Sjerp de Vries fan Terherne hat in pream, dat is eins in boereskip. We sjogge tal fan preammen by de Langwarder Wielen, ek byldzjend keunstner Ids Willemsma hat in pream.

LTV_Domwei-gelokkich-op-de-Wielenpolle_WR

Domwei gelokkich op de Wielenpôlle

16 Novimber 2008

De Ljouwerter folkswyk de Wielenpôlle is mei 200 huzen it lytste wykje fan Ljouwert. Yn gearwurking mei it Noordelijk Film Festival makke Omrop Fryslân yn 2008 in portret fan dizze bysûndere buert, dêr't elkenien inoar noch ken, dêr't bewenners al desennialang wenje en it buerthûs noch in gesellich doarpsplein is.

It Wetter Op 14: Dokkumer Nije Silen

It Wetter Op 14: Dokkumer Nije Silen

31 Augustus 1999

Ferslachjouwer Simone Scheffer en kamerafrou Yvonne Douma farre mei de trekskûte nei Dokkumer Nije Silen oer de Strobosser Feart. Underweis fertelt gids Max Posthuma oer de slûs fan Dokkumer Nije Silen. Dêr praat Simone mei wat toeristen, in fisker en mei de patatboer dy't dêr al 19 jier mei syn wein stiet. Oan de ein moat ien sa rap mooglik in pealstek (knoop) lizze.