Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

LTV_Portret-Wout-Zijlstra-20-08-2009_WR

Portret fan Wout Zijlstra: 'Sin en wille kinne in protte tille'

18 Novimber 2007

Portret Wout Zijlstra, ien fan de sterke manlju fan Fryslân. We folgje him nei Callander, foar de Highland Games yn Skotlân. Hy fertelt (yn kilt) hoe't er by de sport kaam en wêrom't de Highland Games foar him sa bysûnder binne. En we binne by him thús yn Folsgeare dêr't er yn de skuorre traine kin en trainingen jout. Hy lit al syn prizen sjen.

LINKK 18: Jild

LINKK 18: Jild

25 Oktober 2002

Linkk is in telefyzjeprogramma foar skoalbern fan de ûnderbou fan it fuortset ûnderwiis. De presintaasje wurdt dien troch Koppie en Kink. Dizze ôflevering giet oer jild. Hoefolle jild hat de jongerein en wêr jout de jeugd it oan út? Makket jild gelokkich? We prate mei Gerard Nieuwe Weme, syn famylje is ryk wurden troch in supermerkketen.

Spegels: Anne Woudwijk

Spegels: Anne Woudwijk

25 Augustus 2000

In portret út 2000 fan byldhouwer Anne Woudwijk fan Drachten. Dochter Roelie Woudwijk folget syn paad.