Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

Spegels: Pianokonsert en iepenloftspul Easterwierrum

Spegels: Pianokonsert en iepenloftspul Easterwierrum

02 Oktober 1998

Spegels is in kultureel programma dat tusken 1998 en 2006 op Omrop Fryslân telefyzje te sjen wie en presintearre wurdt troch Douwe Heeringa. Yn dizze útstjoering reportaazjes oer it Canto Ostinato pianokonsert yn de Prinsetún yn Ljouwert en it berne/iepenloftspul fan Easterwierrum spilet De Kameleon.

Sadwaande: hûs bouwe, toskepoetse en nierdialyze

Sadwaande: hûs bouwe, toskepoetse en nierdialyze

07 Jannewaris 1998

Sadwaande is in programma dat him rjochtet op de ekonomy en bedriuwen. Nije fakatueres, ûndernimmers fan it jier en wa is de bêste kollega, in hiel soad ûnderwerpen komme foarby yn dit programma. Dizze kear: hûs bouwe, toskepoetse en nierdialyze.

Baas Boppe Baas 0301: De ûntfiering

Baas Boppe Baas 0301: De ûntfiering

01 Jannewaris 2003

Beant skriuwt in column oer it Frysk. Hy fynt dat elkenien Frysk prate moat as se yn Fryslân wenje. In soad Nederlânsktalige minsken yn syn omjouwing binne dêrtroch kwetst en betinke in manier om him in leske te learen.