Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

Rients Gratama 3: In orgidee tusken de hynsteblommen

26 Jannewaris 1997

It tredde diel fan in trijelûk út 1997 oer de karriêre fan kabaretier, skriuwer, akteur, dichter en presintator Rients Gratama.

Sjoch Mar: Frysk kampioenskip golf

22 Septimber 1997

Arjen de Boer sjocht by it Frysk kampioenskip golf yn Sint-Nyk. Om't er de spilers by de wedstriid net steure mei, rydt Arjen yn in golfkarke oer de 'green' en praat er dochs mei in pear golfspilers en in skiedsrjochter, ûnder oare oer it 'putten'.

Mata Hari: de ferbylding fan in myte

14 Oktober 1990

In greep út de Mata Hari-fertolkingen leart, dat elk wer mei syn eigen Mata Hari oankomt. Hieltyd op 'e nij sprekt se ta de ferbylding: de dûnseres, dy't as spionne de deastraf krige. Yn it ramt fan it Frysk Festival ferdjippe Rients Gratama him yn har turbulinte libben. De lêste moannen wie in entûsjaste ploech dwaande om harren eigen Mata Hari yn in musical stâl te jaan.