Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

LTV_100-jier-Frysk-yn-it-underwiis_WR

Hûndert stapkes: 100 jier Frysk op skoalle

28 Oktober 2007

Tsjin de achtergrûn fan de skiednis fan it twatalich ûnderwiis yn Fryslân - de stadige stapkes fan ferbod nei ferplichting - wurdt sjen litten hoe't it der op dit stuit foarstiet mei it Frysk op skoalle. Yn it programma ek minister Ronald Plasterk fan ûnderwiis. Oan him de fraach foarlein hoe't hy tasjen sil op it neikommen fan de wetlike ferplichting. Koen Zondag fertelt oer de skiednis fan it twatalich ûnderwiis. We sjogge op in skoalle yn Grou dêr't se Fryske dagen hawwe en by in teleles op it middelber ûnderwiis yn Snits.

LTV_MINSKELIBBEN_1_PITER_TERPSTRA_271298_WR

In Minskelibben: Piter Terpstra

27 Desimber 1998

Geart de Vries praat mei selsstannich sjoernalist en letter ek skriuwer Piter Terpstra yn syn wurkkeamer oer syn wurk, ideeën en libben.

LTV_GLEZEN_DOARP_111098_WR.mxf

It glêzen doarp: glêstúnbou

11 Oktober 1998

Tusken Berltsum en Bitgum is in gebiet fan 100 bunder beskikber foar glêstúnbou. Túnkers út it westland moatte nei oare plakken sjen om't de romte dêr nedich is foar wenningen. By de Waadsee soe it klimaat ek geunstich wêze foar de tylt. De gemeente Menameradiel ûntfangt de tylders mei iepen earms en fersoarget in ekskurzje. We sjogge by in paprikakweker yn Easterbierrum en Hartman fan Seisbierrum makke jierren lyn al de oerstap fan de Rânestêd nei Fryslân. Wurkleazen wurde alfêst oplaat foar it wurk yn de kassen.