Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

Wyn op woansdei: Boksen

Wyn op woansdei: Boksen

09 July 2003

Yn boksskoalle Olympia yn de Ljouwerter seeheldebuert traine 12 jonges snoeihurd foar de kampioenskippen fan Noard-Nederlân. Talint Martijn Hofstra (15) bokst al 6 jier en ferwachtet dit jier kampioen yn de gewichtsklasse oant 60 kilo te wurden. Goran Asatrian (32) út Armenië hat yn it Russyske leger sitten en mear as 100 partijen bokst. Hy mept sa fûl dat hast gjinien mear tsjin him bokse wol. Tabe Kooistra is de man dy't Olympia al mear as 30 jier draaiende hâldt. Programmamakker Albert Jensma.

Sjoch mar: Fedde Keegstra

Sjoch mar: Fedde Keegstra

03 Novimber 1997

Fedde Keegstra (36) is de âldste spiler fan ONT en stiet bekend as de man dy't altyd skoart. Arjen de Boer siket him op as er tsijn VV Hurdegaryp spylje moat.

Tet fan it stoart 2: Stroom

Tet fan it stoart 2: Stroom

24 Novimber 1998

Tet fan it stoart is in programma fan skoaltelefyzje. Presintatrise Maaike Schuurmans ûndersiket hoe't stroom wurket en sjocht by in wynturbine, houtseachmûne yn Drylts en by de wettersuvering.