Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

KLAASBRUINSMA_MEI1998_HOMEROS2004

Oersettingen Mei en Homeros troch Klaas Bruinsma

02 Novimber 2018

Twa nijsreportaazjes oer Klaas Bruinsma (1931-2018). Yn 1998 kaam syn oersetting fan de Mei fan Herman Gorter út. En yn 2004 de Fryske oersetting fan de klassike boeken Odusseaia en Ilias fan Homeros.

LTV_WR_It-Ljouwerter-Saailan

It Ljouwerter Saailân

17 April 2005

It Saailân yn Ljouwert is net moai, rommelich en ek net iens in plein. Mei it plan Nieuw Zaailand wol de gemeente dêr feroaring yn bringe. It moat alluere krije. Arsjitekt Hubert Jan Henket hat dêr wol in idee foar: mei it legaat fan 18 miljoen dat Abe Bonnema achterliet, wol er op it plein in nij Fries Museum bouwe. Ek moat der in 'wand' komme oan de sydkant fan it plein mei winkels en wenningen. By ferskate partijen lykas ûndernimmers en politisy is der noed oft it wol helber is.

Wurktiid TV: Balymeiwurker

Wurktiid TV: Balymeiwurker

27 Novimber 1996

Harold Kraak presintearret dizze Wurktiid TV. Hy siket wurk as sjoernalist. We sjogge by de groeiende yndustry fan natuerfieding, by Machandel yn Wolvegea dêr't nútsjesmoar makke wurdt en by de biowinkel Goudrenet yn Wolvegea. Ek sjogge we by de ôfdieling P&O fan sikehûs Tjongerskâns op It Hearrenfean.