Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

LTV: De lêste Iselmarfiskers

25 Septimber 1994

Dokumintêre oer Iselmarfiskers. De tiden dat de fûken grôtfol iel sieten, lizze fier achter ús. Fersmoarging, ielguozzen en betingsten fan de oerheid meitsje it berop fan ielfiskers dreech. We geane in dei mei fiskers út Starum de Iselmar op. Yn dit programma komme ek in biolooch, in topamtner en in fiskhanneler oan it wurd.

Wurktiid TV: Stylist

11 Desimber 1996

Gido Leffring presintearret dizze Wurktiid TV, hy siket in baan yn de kommersjele sektor. Baan fan de wike is in stylist by De Huismus, ynterieurwinkel yn Ljouwert. We sjogge by in strúsfûgelfokkerij yn Ketlik. Ek sjogge we by it emansipaasjeburo dat mear froulju yn bestjoersfunksjes krije wol.

Hjoed: Fryslân 500 oer Frozenland

05 Juny 1998

Yn Hjoed fan 5 juny 1998 binne twa repo's oer Frozenland te sjen, it popfestival dat ûnder Fryslân 500 falt. Der binne 4.500 kaarten ferkocht en de jongerein komt út it hiele lân wei. Der binne fiif poadia. Ien fan de headliners is Run DMC. Troch de strange kontrôle op drank, drugs en wapenbesit duorret it lang foardat de besikers troch de poarten nei binnen meie. In soad misse de iepeningsact fan it Frysk Jeugd Orkest mei Reboelje. Ek De Heideroosjes, punk út Limburch, trede op. De twadde reportaazje giet oer ferkearsdrokte en tariedings.