Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

Wyn op woansdei: Uterlik

25 Septimber 2002

Programmamakker Gerard van der Veer wol witte wêrom't guon minsken opfalle wolle as it om har uterlik giet. Wat giet yn har om? Hy praat mei bodybuilder René. Hy traint foar it WK, yt 14 makrelen yn de wike en yt foar 250 euro yn de wike oan sûn iten. Maaike is sljocht op klean, se hat der sels in aparte keamer foar. Har styl is Gothic, en har hier is pears. Philip is tattoo-earder. Syn eigen lichem sit ek hielendal fol. Mei Theo Bouman, klinysk psycholooch, praat Gerard deroer oft soks no genetysk bepaald wêze kin.

LTV Piloaten yn 'e Gaastmar

23 Maaie 1995

Hûnderten alliearde fleantugen stoarten yn de Twadde Wrâldoarloch del yn de Iselmar. Yn de nacht fan 14 op 15 oktober 1944 ferûngelokte in Halifax-bommewerper by Starum. Fiif fan de seis bemanningsleden berikten de kust en bleaune oant de befrijing yn april 1945 yn De Gaastmar.

Wurktiid TV: Koninklijke Tichelaar yn Makkum

28 Febrewaris 1996

Yn Wurktiid TV sjogge we it wurk fan ferskate bedriuwen. Yn dizze ôflevering giet it oer Koninklijke Tichelaar yn Makkum. Se dogge alles mei ierdewurk, nije tegels en in servys mei Nijntje, mar ek restauraasje. T. Witteveen fertelt deroer en J. Kok en J. Lieverdink fan de restauraasje-ôfdieling fertelle oer har wurk en litte sjen hoe't dat wurket. Benammen monuminten om 1900 hinne binne oan in opknapbeurt ta.