Wyn op woansdei: Twaddehânsguod

20 Novimber 2002

Programmamakker Albert Jensma dûkt yn de wrâld fan twaddehânsguod. Rotsoai of net, foar in soad oaren is de hannel yn twaddehânsguod in brok aventoer. Hy praat mei hannelers op de merk en sjocht by Het Lichtpunt yn Kollumersweach, dat is ien fan dy "doorvoerhavens" fan twaddehânsguod. Se riede har ta op de ferkeapdei dêr't hannelers har slach slane. Der is fan alles, meubels, servys, boartersguod en klean. Ek praat er mei Machiel Dykstra fan it feilinghûs. Dy besjocht de ynboel fan in wenning.
Albert Jensma fynt in aardich skilderijke oer Scheveningen. Neffens him is it panieltsje mear wurdich as de 50 euro dy't hy der foar betellet. Nei in syktocht nei de makker en de histoaryske wearde fan it panieltsje lit er it feile by Veilinghuis Ald Fryslân yn Snits.