Wyn op Woansdei: Smaak

10 Septimber 2003

Programmamakker Albert Jensma hat noed oer it ferdwinen fan smaak en tradisjonele gerjochten. Hy praat mei ferskate minsken lykas Tjeerd Lautenbach, slachtersfeint by Slachterij Bonnema yn Minnertsgea, dêr't se neffens âld resept drûge woarst meitsje. Klaas Kasma,eigener-kok fan restaurant Piet Paaltjens yn Ljouwert, ferpoft it om him oan alle regels fan de itenfeiligenswet te hâlden. Tsiismakker Connie van Eijden makket sels boeretsiis yn Ryptsjerk. Hielke van der Meulen docht ûndersyk nei âlde streekgerjochten. Ek sjocht Albert Jensma by CSK yn Ljouwert dêr't in smaakpanel priuwt en hy praat mei in man fan de Keuringsdienst van Waren oer de regels.