Wyn op Woansdei: Plysjeskoalle

15 Desimber 2004

Programmamakker Evert van den Berg folge in tal dosinten en studinten by harren lessen fan de plysjeskoalle dy't maksimaal fjouwer jier duorret. Der wurdt lesjûn yn bygelyks sjitten, fjochtsjen, rolspullen en teorylessen Ingelsk, Nederlânsk, drugs en wetten. De reade tried yn it programma is studinte Rennie Grootenhuis út Bakkefean, in famke dat lykas alle oare studinten ôfwikseljend 12 wiken nei dizze skoalle giet en dan wer 12 wiken praktyk docht yn Drinte. Der wurde trije soarten plysjes oplaat: surveillanten, aginten en haadaginten.