Wyn op Woansdei: Nije wurkleazen

22 Oktober 2003

Programmamakker Gerard van der Veer dûkt yn de wurkleasheid. It leger wurkleazen is it ôfrûne jier yn rap tempo tanommen en it iene nei it oare Fryske bedriuw giet fallyt. Yn Den Haag wurdt keazen foar de hurde oanpak. Wurkleazen moatte safolle mooglik prikkele wurde om wer oan de slach te gean. Gerard van der Veer folget twa manlju dy't troch it fallissemint by skipswerf Bijlsma yn Warten wurkleas rekken. Fokke de Jong en Appie Zwerver hawwe harren libbenlang dêr wurke, mar moatte no leare hoe't sy wer oan de bak komme moatte. De earste wiken yn de WW wiene sy ferdôve, mar sy besykje no stadichoan de tried wer op te pakken. De regels en oare burokratyske rompslomp lykje dêrby harren grutste fijân.